Moasje oangeande it Frysk en Mear­ta­ligens


9 november 2021

Moasje oangeande it Frysk en Meartaligens by de begruttingsbehanneling 2022.

De gemeenteried fan Ljouwert byinoar yn de riedsgearkomste fan moandei 8 novimber 2021.

Yn berie nimmend dat:

- Ut de Utfieringsnotysje Frysk en Meartaligens blykt, dat wolle jo it Frysk en de meartaligens “sichtber” meitsje, der in wurkbudzjet nedich is om dit ta útfiering te bringen.

- De gemeentlike wurkgroep Frysk en Meartaligens dizze oanbefelling ûnderskriuwt.

- Mei in wurkbudzjet fan € 25.000,- it Frysk en Meartaligens “sichtber“ wurdt foar sawol ynterne as eksterne doelen.

Fersiket it kolleezje:

- Foar de begrutting 2022 it útfieringsbudzjet fan € 25.000,- te dekken út de post ISI

- Dat it Frysk en Meartaligens in plak krijt yn de begrutting en dit as oerwaging mei te nimmen wannear der finansjele romte komt foar nije beliedswinsken by de begrutting fan 2023 yn de nije kolleezje perioade.

En giet oer ta de oarder fan de dei.

FNP Veldstra-Lantinga, PvdD Caroline de Groot, D66 Johan Magré, GroenLinks Andries Bergsma, Gemeentebelangen Klaver, PvdA Mirka Antolivic, CDA Jannie Atsma, VVD Harry Bevers, Lijst 058 David Hoekstra, Christen Unie Carlijn Niesink


Status

Aangenomen

Voor

Tegen