Partij foar de Bisten Ljouwert
De Partij foar de Dieren is in lanlike partij, mar de Ljouwerter ôfdieling stiet mei de skonken yn de Fryske klaai! Mei in Frysktalich listlûker en fjouwer oare Frysktalige kandidaten, like it ús gaadlik in Fryske ferzje fan 's ferkiezingsprogramma te publisearjen. Jo fine de tsien haadstikken hjirre as aparte siden.
De gemeente Ljouwert is ommers foar elkenien. En elkenien hat it rjocht om te wenjen. Om troch de natuer te kuierjen en frisse lucht yn te azemjen. Om dysels wêze te kinnen. Net allinne minsken, mar ek bisten. De Partij voor de Dieren doart wichtige keuzes te meitsjen. En dat is ek nedich!
Wy wolle klimaatferoaring tsjingean. Wy wolle rjochten jaan oan bisten. De natuer wer groeie en bloeie litte. En wy wolle dat elkenien in goed en rjochtfeardich libben hawwe kin. Dat wolle wy dwaan yn de stêd Ljouwert en alle doarpen en buorskippen. De Partij voor de Dieren set alles op alles om te soargjen foar in better libben foar minske en bist.
Nei fjouwer jier ôfwêzigens yn de gemeenteried fan Ljouwert wolle wy ús stim wer hearre litte yn ’e gemeentlike polityk.
Johannes Beers, Ljouwert