Wenjen is in basisrojocht

Wenje en bouwe

In goede wenning is in basisrjocht foar elkenien. De hjoeddeistige wenkrisis is it gefolch fan jierrenlange ferkearde politike keuzes. De Partij voor de Dieren wol it tekoart oan wenten duorsum oplosse. De gemeente Ljouwert folbouwe is net de oplossing; dat makket de gemeente ûnleefber. Wy wolle de beskikbere romte en wenten earlik en betelber ferdiele.

Wy meitsje romte foar ekstra wenten troch de fee-yndustry krimpe te litten. Dy nimt no de helte fan ús lân yn beslach. Op dy plakken kinne wy nije wenten bouwe en natuer oanlizze. Wenten dy’t betelber binne en foar elkenien: starters, senioaren, minsken dy’t allinnich wenje of yn alternative wenfoarmen. Op syn minst 40% fan de hierwenten moat sosjale hier wurde. De wenten dy’t wy bouwe binne klimaatneutraal, sirkulêr en natuerynklusyf.

Yn Ljouwert kieze wy foar in gemeente dêr’t minsken én bisten noflik libje kinne. Wy bouwe tûk, grien en op e takomst rjochte. Elkenien fertsjinnet in noflik en betelber plak om te wenjen, sûnder dat ús natuer dêrfoar hoecht te wiken. En gjinien yn ús gemeente mei bûten de boat falle – net no, net letter. Mei-inoar meitsje wy romte foar in leefbere, griene en sosjale takomst.

  1. Wenje sûnder de natuer skea oan te dwaan. Wy bouwe wenten dy’t passe by de omjouwing. Earst brûke we de besteande gebouwen better, en we bliuwe ôf fan kwetsbere natuer.
  2. Grien foarop yn elke wyk. Elke buert kriget mear grien, romte foar bisten en rêstige plakken dêr’t natuer echt de romte kriget.
  3. Duorsum bouwe as nije noarm. Wy bouwe sirkulêr, biobased en natuerynklusyf. Us wenten wekke enerzjy op, geane lang mei en binne goed foar minske, bist en klimaat.
  4. In passende wente foar elkenien. Asto in beheining hast, prikkelearm wenje wolst of gewoan in betelber hûs sikest: wy soargje foar wenten dy’t écht oanslute by datjinge wat minsken nedich hawwe.  
  5. Gjinien sliept bûtendoar. Elkenien kriget tagong ta feilige en fergese opfang. Mei each foar privacy, húsdieren, jongerein en oare kwetsbere groepen.