Onderwijs en cultuur

In libben lang leare

Underwiis en kultuer

Goed ûnderwiis is de basis fan in frije en earlike maatskippij. It leart bern kritysk te tinken en bewust om te gean mei natuer, klimaat en bisten. Mar net elk bern yn ’e gemeente Ljouwert kriget no deselde kânsen. De Partij voor de Dieren wol dêrom mear jild nei it ûnderwiis. Skoallen krije griene, duorsume gebouwen en skoalpleinen. Underwiis moat net allinnich gean om sifers, mar ek om sosjale, kreative en emosjonele ûntwikkeling.

 

Elkenien dy'’t dat wol, moat in libben lang leare kinne. Ek keunst en kultuer hearre dêrby. Sy meitsje ús kreatyf, kritysk en jouwe ús nije ideeën. Keunst kin ús yn it moed taaste, ús oan it neitinken sette en soargje foar feroaring. Dêrom stypje wy in sterke kultuersektor mei earlike beleanning foar makkers, romte foar amateurs om har te ûntwikkeljen en in ferskaat oanbod foar besikers.

Goed ûnderwiis, in sterke kultuersektor en romte foar taal en kreativiteit foarmje de basis fan in frije en ferbûne mienskip. Yn Ljouwert moatte álle ynwenners – jong en âld – harren ûntwikkelje kinne. Wy kieze dêrom foar skoallen dêr’t elk bern gelikense kânsen kriget, foar earlike stipe oan makkers en kulturele ynstellings én foar it koesterjen fan ús Fryske taal en skiednis.

  1. Likense kânsen foar elk bern. De gemeente soarget foar tagonklike skoallen yn elke buert, earlike oanmelding en bylessen en sûn middeisiten foar elkenien.
  2. Sûne en griene skoalgebouwen. Wy sette yn op natuerynklusive renovaasje, enerzjypositive nijbou en griene skoalpleinen.
  3. Brede ûntwikkeling foar jongerein. De gemeente stimulearret mear sport, kultuer, natuerûnderwiis, mediawiisheid en goede stipe foar mentale sûnens.
  4. Sterke Fryske taal en kultuer. Ljouwert is in twatalige gemeente, mei goed ûnderwiis yn it Frysk en leechdrompelige kursussen.
  5. Kultuer foar elkenien tagonklik. Wy jouwe mear stipe foar makkers en buertkultuer, earlike beleanning en minimaal ien fergese museumdei yn ’e wike.