240724 2

Kies foar grien!

Natuer en biodiversiteit

Natuer is fan libbensbelang. De minske nimt in hiel soad romte yn troch de yntinsive feehâlderij, gebouwen, yndustry, diken en rekreaasje. Dêrtroch is der hieltyd minder romte foar bisten, planten en beammen yn de gemeente Ljouwert.

Sûnder natuer kinne wy net libje. Dêrom wol de Partij voor de Dieren mear beammen, strûken, blommen en planten. Giffrij en goed foar it bioferskaat. It moat wer gûnzje fan de bijen, flinters en libellen. Beammekap en ûnnedich meanen moat ophâlde, de natuer moat de romte krije om te groeien en te bloeien.

In griene gemeente Ljouwert is de basis foar in sûne, lokkige en takomstbestindige gemeente. Dit binne ús tsien spearpunten foar mear natuer en bioferskaat.

  1. Natuer beskermje en fersterkje. Wy jouwe natuer yn en om Ljouwert rom baan.
  2. Net bouwe yn ’e natuer. Wy hâlde plannen tsjin dy't grien ferneatigje.
  3. Natuerfreonlike nijbou. Nijbou kriget ekstra grien en helpt de natuer foarút.
  4. Giffrij wurkje. Wy hâlde op mei gif en helpe ynwenners en boeren giffrij te wurden.
  5. Mear lânseigen beammen. Wy plantsje lânseigen soarten en stelle strangere kapregels yn.
  6. Better bioferskaat. Wy beheare grien op ekologyske wize en meane minder faak.
  7. Griener wetterbehear. Wy ferbetterje wetterkwaliteit en ferminderje ferhurding.
  8. Grien yn elke wyk. Wy kreëarje geveltunen, griene dakken en natuerlike boartersplakken.
  9. Natuerfreonlike lânbou. Wy helpe boeren om te skeakeljen nei biologyske en plantaardige bou.
  10. Ophâlde mei yntinsive feehâlderij. Wy beskermje greidefûgelgebieten en hâlde op mei de útwreiding fan yntinsive feehâlderij.