Skjin ferkear
Mobiliteit en berikberens
Us gemeente kin safolle skjinner, moaier en sûner as wy ús op in oare wize ferpleatse. Dêrom wolle wy rjochtfeardige strjitten: de auto is net langer de baas, der komt mear romte foar fuotgongers, fytsers en it iepenbier ferfier. Dêr’t no noch auto’s parkeard steane, kin grien groeie en bloeie en kinne bern feilich boartsje. Sa soargje wy foar in rjochtfeardige strjitte mei in griene, feilige omjouwing foar minsken en bisten en sûne lucht.
De gemeente Ljouwert kiest foar mear skjin iepenbier ferfier, dat wy fergees meitsje foar minsken dy’t dat nedich hawwe.
- De strjitte wurdt wer fan minsken, net fan auto’s. Wy jouwe fuotgongers en fytsers foarrang. Strjitten wurde feilich, grien en oantreklik – plakken om te boartsjen, kuierjen en inoar te moetsjen.
- Sterk en skjin iepenbier ferfier. Wy ynvestearje yn in goed, betrouber en betelber iepenbier ferfier-netwurk mei feilige haltes, goede P+R’s en mear bussen, trams of dielferfier yn elke wyk.
- Minder auto’s, mear romte en rêst. Wy beheine autoferkear en it parkearen op ’e strjitte. Sa ûntstiet der romte foar grien, bredere stoepen, boartersplakken en feilige fytsrûtes.
- Frisse lucht foar elkenien. Fersmoargjende ferfiermiddels wurde ûntmoedige. Wy kieze foar elektryske mobiliteit, miljeusônes, laadpeallen op griene stroom en distribúsje oan ’e râne fan'e stêd.
- Dielferfier en mobiliteit foar elkenien berikber. Wy stimulearje dielauto’s, dielfytsen en mobiliteitshubs yn alle buerten. Sa hat elkenien betelbere en skjinne ferfiersopsjes – ek sûnder eigen auto.
Geïnteresseerd in ons lokale partijprogramma?
Lees ons volledige verkiezingsprogramma.
Verkiezingsprogramma Leeuwarden 2026 (Beleidsversie)