Joh Beers180126 9

De ekonomy yn lykwicht

Ekonomy, wurk, ynkommen en besteanswissigens

Ekonomyske groei is net de oplossing, mar krekt it probleem. It is nó tiid foar in oar ekonomysk systeem. Jild fertsjinje te’n koste fan bisten, natuer en oare minsken moat ophâlde. De Partij voor de Dieren kiest foar in skjinne, earlike, duorsume en lokale ekonomy foar alle minsken én bisten dêr’t wy mei gearlibje.

In sirkulêre ekonomy dêr’t gjin plak is foar ekoside (skea oan de natuer) en miljeufersmoarging, wy hoeden omgean mei grûnstoffen en oerstappe fan in fuortsmytekonomy nei in omrinekonomy, sûnder ôffal! Dus foar fersmoargjende bedriuwen en reklames is gjin romte mear yn Ljouwert.

Yn ’e gemeente Ljouwert geane wy foar wolwêzen boppe winst en in ekonomy binnen de grinzen fan ús planeet.

  1. Wolfeart is mear as allinnich jild fertsjinje. De gemeente Ljouwert sjocht net allinnich nei jild, mar ek nei de sûnens en it wolwêzen fan minsken. Wolfeart is ek in skjinne omjouwing.

  2. Stranger kontrolearje op fersmoarging fan de omjouwing. Wa’t fersmoarget, wurdt flugger beboete. Bedriuwen kinne, as it moat, sletten wurde.

  3. Gjin grutte distribúsjesintra of datasintra. Der binne al genôch rare gebouwen en in soad dêrfan steane sels leech. Datasintra brûke tefolle enerzjy.

  4. Minsken mei in útkearing wurde fatsoenlik behannele en net as binne se mooglik fraudeurs. Ljouwert biedt in harkjend ear en sosjale kontakten. We jouwe helpferliening en rêst om nei te tinken oer de takomst.

  5. Bern dy’t yn earmoed opgroeie krije mear help. Yn Ljouwert groeie tefolle bern yn earmoede op en hawwe in taalefterstân. Dêr wolle we mear omtinken foar! De gemeente soarget dat elk bern goede klean, foldwaande iten, skoalmaterialen en in sportabonnemint hat.