Mei-inoar, iepen en earlik
Demokrasy, bestjoer, digitalisearring en privacy
De lokale oerheid moat betrouber wêze. De gemeente Ljouwert is gjin bedriuw en ynwenners binne gjin klanten. Ynwenners fan de gemeente Ljouwert moatte meitinke en meibeslute kinne oer harren stêd, doarp of buert. De gemeente nimt harren miening serieus en beslút iepen en transparant. Privacy en sizzenskip oer eigen gegevens wurde goed beskerme.
Gearlibje betsjut ek each hawwe foar de wrâld om ús hinne. Oarloch en konflikten fier fuort hawwe ynfloed hjir. Somtiden laat dat ta spanningen tusken ynwenners. De gemeente moat dat foarkomme en hat de plicht om tsjin ûnrjocht op te stean.
Elkenien moat syn/har/harren stim hearre litte kinne. De Partij voor de Dieren stiet foar it demonstraasjerjocht. Freedsume demonstraasjes wurde yn de gemeente Ljouwert folop stipe.
- Ynwenners prate mei. Plannen meitsje wy méi de ynwenners.
- Lokale media meitsje wy sterk. Sterke en ûnôfhinklike lokale media binne fan grut belang foar de ynwenners fan de gemeente Ljouwert. Dêr wurdt net op besunige.
- Tsjinstferliening wurdt net allegearre digitaal. Ynwenners dy’t net út de fuotten kinne mei digitale middels kinne telâne by in baly yn it gemeentehûs. ‘Chatbots’ binne gjin ferfanging fan minsklik kontakt by balys. Post stjoere en kontant betelje op it gemeentehûs bliuwe mooglik.
- Wy brûke net oeral mar keunstmjittige yntelliginsje foar. Keunstmjittige yntelliginsje (AI) kostet in hiel soad enerzjy en der binne risiko’s foar de privacy. Dêrom brûkt de gemeente AI en tapassings dêrfan allinnich as it echt wat opsmyt en der gjin risiko’s foar privacy of ynformaasjefeiligens binne.
- Demonstrearje is in basisrjocht. Lytse demonstraasjes hoege net by de gemeente melden te wurden. By aktuele saken mei dy melding koart fan tefoaren dien wurde.
Geïnteresseerd in ons lokale partijprogramma?
Lees ons volledige verkiezingsprogramma.