IngeltsjeJohBeers

In leefbere wrâld

Klimaat, biodiversiteit en enerzjy

Wy libje op in prachtige planeet dy't ús alles biedt dat wy nedich ha. Dochs meitsje fersmoarging, it ferdwinen fan natuer en it brûken fan gif de Ierde almar ûnleefberder foar minske én bist. Wy steane foar in klimaat- en natuerkrisis dy’t wy nó tsjinhâlde moatten.

 

En dat kin! Yn ’e gemeente Ljouwert wurkje wy gear mei ynwenners, organisaasjes en ûndernimmers foar mear natuer, sûne lucht, skjin wetter en feilige, skjinne wiken. De grutste fersmoargers litte wy mear betelje, wylst wy minsken mei in leger ynkommen helpe om duorsumere keuzes te meitsjen. Enerzjybesparring stiet dêrby foarop, oanfolle mei manieren om enerzjy duorsum op te wekken.

Sa bouwe wy mei-inoar oan in griene, earlike en sosjale takomst, foar álle ynwenners fan ’e gemeente Ljouwert. Dit binne ús tsien spearpunten foar in leefbere ierde, te begjinnen yn ’e gemeente Ljouwert.

  1. Werstel fan natuer en wetter. Wy soargje foar mear grien, skjin wetter en feilige libbensgebieten foar bisten.
  2. Oanpak fan fersmoarging. Wy bestride PFAS, fersmoargjende útstjit en hinderlike houtstook.
  3. Klimaatneutraal yn 2030. Wy sette alles op alles om sa gau mooglik klimaatneutraal te wurden.
  4. Eigen natuer- en enerzjybedriuw. Wy rjochtsje in gemeentlik bedriuw op dat sels duorsume maatregels útfiert.
  5. Wykplannen mei ynwenners. Yn elke wyk meitsje wy mienskiplike plannen foar klimaat, enerzjy en natuer.
  6. Stipe foar lege ynkommens. Ljouwert helpt húshâldens mei in bytsje jild by enerzjybesparring.
  7. Ferduorsuming sosjale hier. Alle sosjale hierwenten wurde isolearre en ferduorsume.
  8. Enerzjybesparring foarop. Wy ferminderje ljochtfersmoarging en komme op tsjin enerzjysloarpers.
  9. Enerzjy fan dakken. Wy wekke duorsume enerzjy op foaral op dakken en diele de opbringst.
  10. De gemeente as foarbyld: Ljouwert wurket fossylfrij, keapet grien yn en makket gebouwen klimaatneutraal.