107 2037

Ynklusyf, rjochtfeardich en solidêr

Elkenien docht derta

De Partij voor de Dieren wol bouwe oan in mienskip dêr’t elkenien him/har/harren wolkom en thús fielt. Yn ’e gemeente Ljouwert is dat spitigernôch net altiten sa. Tefolle minsken hawwe it gefoel dat sy der net by hearre. Faak wurdt de skuld fan de problemen by in oar lein. Minsken en groepen dy’t it dochs al dreech hawwe. Se hawwe te krijen mei foaroardielen, útsluting en geweld; bygelyks flechtlingen of transpersoanen. Dat is ûnakseptabel!

Rasisme en diskriminaasje – sichtber of ûnsichtber – meie gjin plak hawwe yn ’e gemeente Ljouwert. De Partij voor de Dieren stiet foar in ynklusive gemeente dêr’t alle ynwenners meidwaan kinne, nettsjinsteande gender, leeftiid, eftergrûn, seksuele foarkar, beheining, groanyske sykte, neurodiverginsje, taal of finansjele situaasje. Yn ’e gemeente Ljouwert sil de kearn wêze: ‘Beslút net oer ús, mar mei ús.’

  1. De gemeente Ljouwert bestriidt álle foarmen fan rasisme en diskriminaasje. Antisemitisme, moslim-, homo- en transgenderhaat binne ûnakseptabel. De gemeente docht gjin saken mei organisaasjes en bedriuwen dy’t diskriminearje en útslute.
  2. Wy fiere dat elkenien him-/har-/harrensels wêze mei. Dat elkenien him-/har/harrensels wêze mei is noch altiten net oeral fanselssprekkend. Dêrom docht de gemeente Ljouwert mei op dagen as Coming Out Day mei it hisen fan de reinbôgeflagge.
  3. De gemeente Ljouwert biedt lytsskalige opfang oan flechtlingen. Wy spriede dy opfang oer de hiele gemeente. De gemeente helpt flechtlingen by it finen fan húsfêsting, oplieding of wurk.
  4. De gemeente Ljouwert is tagonklik foar elkenien. Minsken mei in beheining kinne oeral telâne yn de gemeente Ljouwert. It VN-ferdrach Handicap wurdt neilibbe. By nije plannen wurde minsken mei in beheining standert belutsen.
  5. In netwurk om te melden as it net goed giet mei minsken. Iensumens, fertutearzging of mishanneling wurdt faak net opmurken. Minsken dy’t it somtiden wol werkenne, lykas postboades of meiwurkers yn in supermerk, witte faak net wat sy der mei dwaan moatte. Dêrom kriget elke buert of doarp in netwurk dêr’t dy soargen melden wurde kinne.