14 maart 2026

Gedicht | Hounspolder

DSC 0335

hounspolder

 

lêze kin ik net

buordsjes fan hjir net briede

sykje mar in oar plak

binne oan my net bestege

 

fleane kin ik wol

en dat hiele einen

yn febrewaris kom ik

út afrika nei nederlân

sûnder te tanken

of gehakbal yn sjú

 

navigearje kin ik as de bêste

sûnder gps en lânkaart

nettsjinsteande al jim ljochten

bebouwing en lânhonger

 

briede kin ik ek

al gau in aai as fjouwer

fyn marris in plakje

foar in moai nestke

 

ik sei al

lêze kin ik net

dus wat in reade list is

wit ik net

dat ik dêr op stean

fernuveret my net

 

fernuverje kin ik dus ek

oer it feit dat jim my grutsk neame

kening fan ’e greide

botte keningsgesind binne jim oars net

it lit him riede hoe’t jim omgeane

mei bisten dy’t net fan adel binne

 

prate kin ik net

dichtsje dan wol wer

dus ik einigje mei rym

wat in ferskuorrende kolder

dat jim bouwe yn ’e hounspolder!

 

Geart Tigchelaar, Dichter foar de Dieren