27 maart 2026
Raad | Bijdrage Beers aan duidingsdebat
Op 26 maart vond een duidingsdebat plaats tussen de lijsttrekkers van de nieuw in de raad gekozen partijen. De nog niet beëdigde raadsleden gaven hun visie op de verkiezingsuitslag en gaven aan hoe nu verder met het proces om tot een nieuw college te komen. De grootste partij, GroenLinks/PvdA heeft oud-wethouder Martijn Balter naar voren geschoven als informateur en alle lijsttrekkers hebben daarmee ingestemd. Dit is de bijdrage van Johannes Beers aan het debat.
"Foarsitter, tank.
Ik woe eins direkst wol oan it wurk foar de Hounspolder, mar dat wurdt 'm fan 'e jûn noch net, spitigernôch.
Sa't guon fan de oanwêzigen witte, wie ik sa'n tritich jier lyn ek riedslid yn dizze gemeente. Dat wie yn de tiid dat wy hjirneist sieten, yn de Oranjeseal. Ik moat sizze, dat fielde wol wat knusser en waarmer as dizze funksjonele en wat mear kille seal. Soe it wêze kinnen dat dizze seal it politike klimaat reflektearret? As ik it ferlykje mei tritich jier lyn, liket it wol as is mei de opwaarming fan de Ierde it politike klimaat omkeard evenredich kâlder wurden. Sûnt Pim Fortuyn, mient elkenien mar dat er sizze kin wat er tinkt en dat hat de ôfrûne jierren en desennia in ûnbiedich lange list fan misledigingen, skelpartijen en bedrigings opsmiten.
En no is de polityk yn Ljouwert ek folle kâlder wurden. No't desynformaasje, heale wierheden en bangmakkerij ta de ynstruminten fan guon politisy yn Nederlân hearre, wit de kiezer hieltyd minder goed wêrhinne mei de stim. En sa sitte wy hjir hjoed mei tolve partijen - middelgrut en lyts - yn de gemeenteried fan Ljouwert.
Hoe kjel it hjir wurden is docht bliken út it feit dat ek it rjochtsekstremistyske gedachtegoed hjir no stevich plak krigen hat. It falt my op dat guon riedsleden dêr net iens mear fan opsjogge, as is it in 'fact of life'. Ik sil der yn alle gefallen net oan meiwurkje dat normaal makke wurdt wat net normaal wêze moat.
In ynteressante útkomst fan dizze ferkiezings is wol dat wy sjogge dat ien en ien net altyd trije is. It is net iens twa. Yn it gefal fan de fúzjes fan GrienLinks mei PvdA en Gemeentebelangen mei List 058, is ien en ien net folle mear as ien. Foar wa't yn de takomst tinkt mei fúzjes kiezers by inoar te swyljen, in dúdlike warskôging.
Likernôch is GrienLinks PvdA de grutste partij fan de ried en ornaris nimt de grutste partij it inisjatyf ta in ynformateur en dat is bêst genôch en wy wachtsje de útnûging foar in petear ôf. Ik wol bêst ferklappe dat ik yn myn petear mei dizze ynformateur pleitsje sil foar moederaasje (dreech wurdsje: mededogen) moederaasje mei de natoer, mei de blommen en de beammen en de bisten yn de gemeente. Beammen en bisten stjoere gjin brieven nei partijen dy't harren ferkiezingsprogram skriuwe en ek de ynformateur krijt fan harren gjin emails. Sa wurdt de natoer al te ienfâldich oer de holle sjoen.
Us foarkar giet fansels út nei partijen dy't dy moederaasje mei de natoer wól opbringe kinne en dat is wat oars as dat in partij dy't stimmen, sitten wûn hat, fansels ek kolleezjepartij wurde moatte soe. Der is in grutte, wichtige - ik soe hast sizze hillige - opdracht dy't wy as mienskip hawwe om no by eintsjebelsút de natoer, de biodiversiteit, de skries - ek yn dit lytse stikje fan de wrâld - te rêden. ik sis it der noch mar even by: wy binne sels ek in stikje natoer, wy kinne net sûnder planten, bisten en in skjinne omjouwing.
As lêste wol ik der graach op wize, dat - al binne wy mar lyts - der mei ChristenUnie, SP, SLIM en de Partij foar de Dieren fjouwer sitten binne mei in sosjaal en duorsem lûd. It klimaat is hjir feroare, it is folle kâlder wurden yn Ljouwert en har gemeenteried, mar ik nûgje de partijen dy't it kolleezje foarmje sille út, geregeldwei de hannen te waarmjen oan ús sosjale en duorseme fjoer."
Kijk hier het debat terug.