18 juni 2026
Raad | Reactie op coalitie-akkoord
Op woensdag 17 juni werd het collegeprogramma of coalitie-akkoord van Progressief Nederland, D66, VVD en CDA in de raad besproken. Debat was er eigenlijk niet, je kunt als niet-coalitie partij immers toch niks schrappen of toevoegen aan een overeenkomst tussen andere partijen, maar een mening konden Johannes Beers wel geven.
----------------
Foarsitter, wy kinne oan it akkoard neat feroarje, dat ik sil myn ferhaal koart hâlde en helje der trije kear trije saken even út, as in soarte fan sfearbyld: trije kear wêr’t ik wol en trije kear wêr’t ik net wiis mei bin en trije algemiene opmerkings.
Inkelde fan de saken dêr’t ik my yn fine kin:
1. De bodemcampus. Goed idee, al is it mei ûndersyk allinnich net te dwaan. Wy kinne ûndersykje wat wy wolle, as der gjin maatregels foaroer steane om de boaiem net mear fierder te fersmoargjen, hat al dat ûndersykjen gjin doel.
2. It stypjen fan de Keti Koti betinking bin ik wiis mei, tank dêrfoar.
3. Trije: it safolle as mooglik bouwen binnen de besteande stêdsgrinzen en it gebrûk fan besteande gebouwen foar wenten hat myn entûsjaste ynstimming, al sjoch ik by wethâlders altiten in hiel soad oandacht foar de útlis fan nije wiken bûten dy stêdsgrinzen.
Trije saken dêr’t ik my net yn fine kin
1. Gjin emissyfrije zones, in pracht foarbyld fan hoe’t dit kolleezje in stap efterút docht.
2. Yn in gemeente dêr't 53% fan de minsken oanjout de Fryske taal goed te behearskjen en jier op jier út ûndersyk blykt dat hieltyd mear Friezen Frysk brûke, is it in flater fan komsa en set de webside net mear oer nei it Frysk.
2. Wêr't ik ek muoite mei haw is wat yn ús partij it egosintrisme ynstee fan ecosintrisme neamd wurdt. It koalysjeakkoart draait om de minsk. Natuer is bysaak. In paragraafke of twa. Kultuer, wenjen en toerisme binne foar ús oh sa wichtich, dat der moat en der sil in festival komme yn de Groene Ster, wy bouwe by in greidefûgelpolder en sjogge oer de holle dat de natuer gjin ferlet hat fan mear toerisme, wat wol bliken docht – hjoed yn it nijs - út it lêstigfallen fan seehûnen op it Waad. Egosintrisme ynstee fan ecosintrisme.
Algemien
1. Hoe soene famkes en froulju yn Ljouwert nei dit kolleezje sjen? Mar wer ien frou en fjouwer manlju as wethâlder. Wat straalt soks út? Ek hjir gjin stap foarút.
2. Der wurdt skreaun oer kriminele ûndermining en ik stypje it kolleezje yn de oanpak derfan. Wat ik lykwols mis is de oanpak fan politike ûndermining. Mei desynformaasje, opruiing, rassisme en antysemitisme wurdt de demokrasy útholle en ús mienskip ûndermyne. It fernuveret en ergeret my dat dêr neat oer sa’n aktuele kwestje sein wurdt.
3 De opjeftes om it útstjerren fan dieren en diersoarten tsjin te gean, de opjeftes rûnom klimaatadaptaasje, enerzjytransysje en skjinne boaiem, wetter en lucht, te realisearjen, binne sa grut, ik doar wol te sizzen: grutter as de opjefte fan de Wederopbouw fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Wy hawwe polityk liederskip nedich om minsken dêr yn mei te nimmen, yn in soarte fan Griene, Duorseme of Ecosintryske Wederopbouw. Soksoarte liederskip mis ik by it regear en by de Deputearre Steaten, ik mis it ek by dit kolleezje.
Morgen een Nederlandstalige vertaling