Sûn en feilich yn Ljouwert
Sûnens, soarch en feiligens.
Elkenien wol in sûn libben. Dat begjint mei in leefomjouwing dy’t útnûget om nei bûten ta te gean, te bewegen en sûn te iten.
De Partij voor de Dieren kiest foar previnsje: foarkomme is better as genêze, sawol by sykten as by kriminaliteit. Sûn, biologysk plantaardich iten moat betelber en tagonklik wêze. Mear grien ferleget stress en soarget foar frisse lucht. Soarch moat beskikber wêze foar elkenien, sûnder lange wachtlisten en passend by elkenien syn/har/harren situaasje. Sûnens giet ek oer mentaal wolwêzen.
In sosjale, feilige en ûntspannen maatskippij dêr’t elkenien him-/har-/harrensels yn wêze mei is wichtich. De gemeente Ljouwert pakt seksueel oer grinzen hinnegeand gedrach en femiside hurd oan. Krekt as oare foarmen fan geweld. En ek bisten fertsjinje beskerming. Yn de gemeente Ljouwert hat bistemishanneling gjin plak.
- Elkenien hat rjocht op frisse lucht. De gemeente soarget foar frisse lucht troch op mear plakken autoferkear tsjin te gean. Dêrneist lizze we de houtstook oan bannen.
- Beammen en grien meitsje de lucht skjinner. Minsken en bisten wurde lokkiger en sûner fan in griene omjouwing. De gemeente sil dêrom in soad ekstra grien en beammen plantsje en beskermet besteande beammen.
- Omtinken foar minsken dy’t ‘ûnder de radar bliuwe’. Der binne tefolle minsken dy’t soarch mije, iensum binne, radikalisearje of betize reitsje. Wy wolle mear maatskiplik wurkers dy’t minsken aktyf opsikje.
- De gemeente stimulearret it dielnimmen oan sport. We soargje foar in gaadlik sportoanbod foar elkenien, lykas âlderein, minsken mei in leech ynkommen en minsken mei in groanyske sykte of beheining.
- Ljouwert docht gjin saken mear mei ‘soarchcowboys’. Net langer is de goedkeapste favoryt by oanbestegings, mar dejinge dy’t de bêste soarch foar in ridlike priis leveret.
Geïnteresseerd in ons lokale partijprogramma?
Lees ons volledige verkiezingsprogramma.